Skiednis

Oprjochting

Yn 1753 begûn Egbert Douwes (1723-1802) mei syn frou Akke Thijsses oan de Midstrjitte yn De Jouwer in winkeltsje yn koloniaal guod, dêr’t ek kofje, tee en tabak by hearden. De keapakte fan it winkelpân waard op 11 maart 1753 tekene.

Om 1780 hinne gie harren soan, Douwe Egberts (1755-1806) by harren yn ‘e saak oan it wurk. Wylst syn âlden leaver yn de winkel ‘De Witte Os’ bleauwen, reizge Douwe nei de klanten ta, yn en bûten it doarp. Douwe Egberts slagge der dan ek yn om it bedriuw én syn produkten bekend te meitsjen oant yn de fiere omkriten fan De Jouwer ta.

Yn 1780 naam Douwe Egberts mei syn frou Ymkje Jacobs Visser it bedriuw oer fan syn heit. Dat it bedriuw noch altyd syn namme hat, komt omdat hy Douwe Egberts werklik op ‘e kaart witten hat te setten.

Yn 1806 stjert Douwe Egberts. Syn twadde frou Lysbeth Mintjes, kondiget yn in advertinsje yn ‘e Ljouwert Krante oan dat ‘De affaires blijven continueeren”. Dizze wurdt troch elk beskôge as de alderearste advertinsje fan Douwe Egberts.

“De Witte Os”

It histoaryske winkeltsje ‘De Witte Os’ waard troch Johannes Hessel de Jong (1833-1883) yn 1871 oankocht as in bedriuwspân. It winkeltsje hie syn namme te tankjen oan de (ton) slachterij dy’t Egbert Douwes (1723-1802) en syn frou Akke Thijsses in skoftlang hienen, mar fierder is hjir neat fan bekend.

In okse op it úthingboerd fan in slachterij wie doe frij algemien. Mar net allinne it winkeltsje hiet ‘De Witte Os’, it wie ek in skoftlang de merknamme foar tabak, deponearre as merk yn 1881. Op 4 maart 1910 waard ‘De Witte Os’ ek de merknamme foar kofje, tee en winkelmanswaar.

It winkeltsje buorke goed. Neist de saak stie it wenhûs fan de famylje, dat al earder (yn 1831) oankocht wie troch Hessel Douwes de Jong (1802-1855). By in brân yn 1881 waard dit wenhûs ferwoastige, mar it winkeltsje bleau sparre.

Yn it winkeltsje waard foaral oan winkeliers en oare trochferkeapers levere. Oant yn de Earste Wrâldkriich ta, gie der in grut ferskaat fan allerhanne guod oer de toanbank. Kofje, tee en tabak wienen de wichtichste produkten, mar fierder waard der ek kandij, sûker, rys, fermiselje, blausel (wytmakker foar tekstyl) sûkerij, kaniel, saffraan, sjerp, jittik, sûkelarje, Goudse pipen en súdfruchten ferkocht.

Troch de wike wie de winkel iepen fan sân oant jûns njoggen oere en sneons oant jûns healwei alven. Sels op snein koe men der in pear oeren telâne. Nei 1920 waard de hannel werombrocht nei kofje, tee en tabak.

Yn ‘e Twadde Wrâldkriich rekke der in ein oan ‘e hannel yn it winkeltsje. De lêste ‘winkelman’ (bedriuwslieder) wie de hear Aano Schepen, dy’t yn 1944 ferhuze nei it kantoar yn De Jouwer. It pân waard dernei tydlik brûkt foar oare doeleinen. Sa hawwe der wolris húshâldings, dy’t yn tsjinst fan it bedriuw wienen, boppe de winkel wenne. Mar in skoftlang wie it stil yn ‘De Witte Os’.

Nei in yngripende restauraasje, útfierd troch oannimmer Ids Riemersma fan Goingaryp, waard it winkeltsje op tongersdei 1 maaie 1980 iepensteld foar publyk. Dit wie net om kommersjele redenen, mar as ûnderdiel fan it museumkompleks Johannes Hessel-Hûs (it hjoeddeistich Museum Joure). Sûnt dy tiid wurdt der wer, lykas eartiids yn ‘De Witte Os’, kofje en tee yn âlderwetse ferpakking ferkocht en ek snobguod út de tiid fan pake en beppe.

De grutte brân fan De Jouwer

Yn ‘e nacht fan 14 op 15 oktober 1881 wie der in fûle brân yn De Jouwer. De brân, ûntstien yn in Jouster kastmakkerij, ferwoastige al mei al fjirtjin wennings, winkels en bedriuwspannen. Dêr siet it wenhûs ek by, lykas de noch nije tabakskerverij, it kofjepakhús en de kofjebranderij sadat grutte foarrieden tabak, kofje en kandij ferlern gienen. Oer de teefoarried is neat bekend. Al yn 1858 hie Johannes Hessel de Jong (1833-1883) it bedriuw oernommen. Nei de brân besleat er dat de gebouwen dy’t ferlern gien wienen, sa gau mooglik wer opboud wurde moasten.

Utwreiding nei Utert

Oant 1898 ta, dus 145 jier lang, hienen alle saaklike hannelings plak fûn oan de Midstrjitte yn De Jouwer. It bedriuw begûn him te ûntjaan en Cornelis Johannes de Jong (1869-1955) besleat yn 1898 foar in earste útwreiding yn ‘e foarm fan in nije fabryk, boud yn ‘e tún fan it wenhûs.

It saneamde pakhús waard brûkt foar de produksje fan kofje en tabak. De geunstige ûntjouwing fan it bedriuw en de beheinde romte yn it pakhús wienen foar Cornelis genôch reden om fierder út te wreidzjen. Yn 1912 kocht er fabryksgebouwen, terreinen, en fjouwer wennings dy’t oan ‘e Slachtedyk, oan it farwetter de Jouster Sielroede yn Sniksweach, leinen. Dit kompleks bestie foarhinne út in oaljemûne, in suvelfabryk en fjouwer wennings. Yn dy nije fabryk waard de kofjebranderij, de tabakskerverij en it kantoar ûnderbrocht. De fabryk waard yn 1913 yn gebrûk nommen.

Yn jannewaris 1919 kocht Cornelis Johannes ‘een Huis met bijgebouwen, aan-en toebehoren, erf en grond, staande en liggende te Utrecht aan de Catharijnekade, plaatselijk gemerkt nummer 10’. It pân waard brûkt as kofjebranderij, ynpakkerij en ekspedysje, yn it foarste plak rjochte op it sintrum en it suden fan it lân.

Yn de argiven stiet neat skreaun oer eventuele redenen foar in ferhuzing nei Utert, mar de kar foar in twadde fêstiging yn it sintrum fan it lân lei logistyk besjoen foar de hân.

It bedriuw bleau yn ‘e jirren tweintich trochgroeien, sadat it alwer útwreidzje moast. Foar it kompleks yn De Jouwer wie dat gjin probleem. Yn 1931 makke men in begjin mei it útwreidzjen fan it terrein yn De Jouwer. De oaljeslachterij fan de Firma De Boer waard opkocht, sadat it terrein oan de Slachtedyk fergrutte waard. Dêrfoaroer wie der oan de Catharijnekaai yn Utert gjin mooglikheid ta útwreidzjen. De oplossing kaam yn 1929 troch it oankeapjen fan in fabryksgebou mei wenhûs oan it Merwedekanaal. De Uterse fêstiging ferhuze yn syn hiele hear en fear fan de Catharijnekaai nei de Merwedekaai (de hjoeddeistige Keulsekade).

It pân oan de Catharijnekaai hat noch jierrenlang as opslachromte tsjinne. Op 30 oktober waard it pân úteinlik ferkocht. Yn 1955 waard it terrein oan de Keulsekaai útwreide troch it oankeapjen fan it terrein en de gebouwen dy’t derneist leinen, de saneamde N.V. Utrechtse Walwerken. De fêstiging yn Utert oan de Keulsekaai wie bedoeld as stipepunt yn it midden fan it lân, mar groeide út ta de sintrale fêstiging fan Douwe Egberts.

Famyljeskiednis

Op 10 jannewaris 1755 waard de soan fan Egbert Douwes en Akke Tijsses, neamd Douwe Egberts, berne. Douwe troude mei Ymkje Jakobs Visser yn 1775. Nei har dea troude er mei Lysbeth Mintjes yn 1791. Douwe Egberts stoar op 19 febrewaris 1806, syn frou gie troch mei de saak.

Yn 1811 wie Nederlân in keninkryk ûnder it regear fan Lodewyk Bonaparte, de broer fan Napoleon. Op 18 augustus fan dat jier waard by keizerlik dekreet bepaald dat elke ynwenner fan it Ryk (fan de Nederlannen) ferplichte wie, wannear’t der noch gjin achternamme fierd waard, der ien te kiezen en dizze dan binnen it jier registrearje te litten yn it nammeregister. De famylje fan Douwe Egberts gie fan dy tiid ôf fierder as de famylje De Jong.

Cornelis Johannes de Jong

Douwe Egberts waard fan 1887 oant 1955 laat troch Cornelis Johannes de Jong. Hy rûn der it meast út yn de famylje De Jong. Fanwege syn stoeve arbeidzjen en goed keapmanskip wurdt er ek wol de twadde stichter fan it bedriuw neamd, dejinge dy’t de basis lein hat foar it moderne Douwe Egberts concern.

Op syn tweintichste krige er de lieding oer it bedriuw. Cornelis Johannes wie ferantwurdlik foar de earste útwreiding fan it bedriuw. Dêrnjonken socht er in stipepunt yn Utert dêr’t er in fêstiging iepene (1919) dat letter de haadfêstiging fan Douwe Egberts waard.

Cornelis Johannes wie eigensinnich. Sa hie er altyd in bolhoed op. Stie dy bolhoed achter op ‘e holle dan hie gjinien dy dei wat te frezen. Mar as dy hoed nei foaren stie, dan koe men sa’n dei menear CJ, lykas er troch âld-meiwurkers neamd waard, mar better út ‘e wei gean.

Skiednis fan ‘e namme

De winkel, it lettere bedriuw, is bekend wurden as Douwe Egberts en net as Egbert Douwes, al wie dy lêste úteinset mei de winkel. De reden hjirfoar is dat it de soan Douwe Egberts wie dy’t syn guod ferkocht yn in grut part fan it hege noarden fan Nederlân. De heit kaam net fierder as de winkel yn De Jouwer. Sadwaande draacht it bedriuw de namme fan dejinge dy’t reizge en bekend wie en net de namme fan syn heit Egbert Douwes.

Firma van de Weduwe Douwe Egberts

Nei it ferstjerren fan Douwe Egberts yn 1806 soarge Lysbeth Mintjes (1767-1833) foar it fuortbestean fan it bedriuw ûnder de namme ‘Firma van de Weduwe Douwe Egberts’. Yn 1810 waard der in tabakskerverij oan tafoege. Nei de dea fan Lysbeth Mintjes gie de saak fierder ûnder har soannen Mintje (1798-1844), Thijs (1800-1845) en Hessel (1802-1855), tegearre mei Ruurd (1787-1871) in soan út it earste houlik fan Douwe Egberts mei Ymkje Jacobs Visser.

Dy fjouwer sleaten in Contract van Compagnieschap (1833-1845) en ferdielden de saken as folcht: Ruurd die de administraasje, Hessel soarge foar it brânen en de ynkeap fan kofje, Mintje hie de noed foar de kerverij en Thijs wie de reizger en ferkeaper. Tee wie ek in produkt fan it Compagnieschap, mar nei alle gedachten wie de omset yn tee dy jierren net grut. It wichtichste hannelsartikel yn ‘e jierren fan de Compagnie wie tabak.

De Compagnie koe net lang duorje want twa fan de bruorren stoaren betiid en Ruurd en Hessel krigen wurden oer it fuortsetten fan it bedriuw. In saaklike skieding wie it gefolch, sadat Hessel Douwes de Jong njonken syn pleats en hannel yn distilleard, trochgean moast mei de hannel yn tabak, kofje en tee. Op dat stuit stie it bedriuw Douwe Egberts tige faai. Hessel Douwes lykwols gie fierder mei de saak ûnder de namme fan ‘Firma Weduwe Douwe Egbertszoon’ (1845-1919).

Groei

Fan 1919 ôf rjochte it bedriuw Douwe Egberts him mei kofje, tee en tabak mear op de Nederlânse merk en wie oant de Twadde Wrâldkriich dwaande om hjir foar himsels in plak te feroverjen. Reizigers (fertsjintwurdigers) waarden it hiele lân trochstjoerd om Douwe Egberts produkten oan ‘e man te bringen.

Nei 1945 gie it hurd mei it bedriuw. It bleau net by útwreidings yn Utert en De Jouwer. Oeral yn it lân waarden filialen iepene. Om de bûtenlânse merk te berikken, kamen der fêstigings yn België, Frankryk, Spanje en Denemarken. Njonken eksportaktiviteiten en bûtenlânse fêstigings hâlde Douwe Egberts him dwaande mei de akwisysje fan bedriuwen. Ein jierren 60 gie Douwe Egberts op syk nei fierdere groeimooglikheden en ynternasjonalisaasje fan it bedriuw.

Ein fan it famyljebedriuw

Troch de groei fan it bedriuw Douwe Egberts kaam der in grutte ynstream op gong fan nije minsken, dy’t fan bûten it bedriuw kamen dus ek net ta de famylje De Jong hearden. Boppedat wie it troch de skaalfergrutting dy’t Douwe Egberts meimakke, ûnmooglik wurden om de lieding oan in pear minsken oer te litten; minsken dy’t it hiele bedriuw koenen en elkenien en alles by de namme koenen.

Doe’t der dan ek noch in pear opfallende ôfstammelingen fan Egbert Douwes stoaren, waard it hieltyd dúdliker dat de ein tichterby kaam. Yn jannewaris 1978 waard it bedriuw oernommen troch it Amerikaanse Consolidated Foods Corporation, letter bekend ûnder de namme Sara Lee.

Sara Lee/DE

Nathan Cummings lei de basis foar de Sara Lee Corporation mei it keapjen fan de C.D. Kennedy Company yn Baltimore yn 1939, in bedriuw dat hannele yn kofje, thee en sûker.

Yn ‘e jierren dernei waarden der in soad akwisysjes dien, dy’t gearfoelen ûnder de namme Consolidated Foods Corporation. It bedriuw Kitchens of Sara Lee, dat yn 1949 oprjochte waard troch Charles W. Lubin, en bekend wie om syn dypfrysgebak, waard yn 1956 troch CFC oankocht. De earste stap fan de ûndernimming yn it bûtenlân wie yn 1962 de oername fan de Nederlânse ûndernimming Jonker Fris.

Yn it krystnûmer fan it personielsblêd ‘D.E Melange’ fan 1976 is in artikel wijde oan in ‘mooglike gearwurking fan Douwe Egberts en Consolidated Foods’. Yn 1978 waard dy gearwurking tusken CFC en Douwe Egberts in feit. Yn dat ramt krige CFC in ekonomysk belang fan 65% yn it oandielekaptaal fan Douwe Egberts, dêr’t 26% fan mei stimrjocht wie. Yn 1984 wie it ekonomysk belang fan CFC yn Douwe Egberts groeid nei 93%, dêr’t 41% fan mei stimrjocht wie.

By it fierder groeien en ynternasjonalisearjen fan dizze ûndernimming moast der in nije namme komme. Consolated Foods Corporation feroare yn 1985 har namme yn Sara Lee Corporation; de dochter fan Charles W. Lubin hiet fan Sara Lee.

De Sara Lee Corporation krige yn 1988 in ekonomysk belang fan 100% yn Douwe Egberts, dêr’t 41% fan yn de foarm fan stimrjochtige oandielen wienen en 59% yn de foarm fan sertifikaten fan oandielen, útjûn troch de Stichting Administratiekantoor Douwe Egberts Sara Lee. Dit ûnôfhinklike, Nederlânse administraasjekantoar hie op dy manier de mearderheid fan it stimrjocht yn Douwe Egberts. Yn 1989 kaam hjir Sara Lee/DE út fuort. Oan dizze sitewaasje kaam yn 2006 in ein doe’t it administraasjekantoar opheven waard en Douwe Egberts in folle dochter fan Sara Lee waard.

Nei de ieuwiksel kaam der in tiidrek fol feroarings. Sara Lee wie troch oernames fiks groeid en dêrtroch koe it him net foldwaande rjochtsje op beskate produkten en ôfsetmerken. It gefolch hjirfan wie dat der yn ‘e perioade 2005-2010 besletten waard om meardere ûnderdielen ôf te stjitten, lykas Duyvis, Lassie en Household & Body Care, bekend fan merken as Sanex, Dobbelman en Zwitsal.

Nei in nije Douwe Egberts

Yn 2011 foel it beslút om Sara Lee op te splitsen yn in part dat him op fleis rjochte en yn de Feriene Steaten fêstige wie, en in part dat him talei op kofje en tee: Douwe Egberts (tydlik bekend ûnder de namme CoffeeCo). Douwe Egberts gie yn maart 2012 as folslein Nederlâns bedriuw nei de beurs (ûnder de namme D.E Master Blenders 1753)

Yn septimber 2013 nimt in groep Dútse ynvestearders ûnder lieding fan Joh. A. Benckiser (JAB) alle oandielen fan D.E Master Blenders 1753 oer en wurdt D.E Master Blenders in partikulier bedriuw. Yn maaie 2014 wurdt oankondige dat D.E Master Blenders 1753 en Mondelēz International it foarnimmen hawwe harren kofjebedriuwen te kombinearjen. It nije bedriuw sil Jacobs Douwe Egberts (JDE) hite.

Op 5 maaie 2015 wurdt bekend dat de Europese Kommisje, ûnder betingsten, goedkarring ferliend hat oan it gearfoegjen fan Douwe Egberts en Jacobs. Op 6 july 2015 is de fúzje foltôge. Mei it nije bedriuw Jacobs Douwe Egberts is de grutste pure player yn kofje op ‘e wrâld in feit.